Caravan oer de kop op A7
De fakânsje fan in stel út Grinslân wie sneontemoarn gau foarby. Op de A7 by Drachten sloech de caravan achter de auto oer de kop. Hy kaam op de kop yn de berm telâne.
De ynsittenden fan 'e auto rekken net ferwûne. De caravan is net mear te meitsjen. Mooglik hat de bestjoerder te hurd riden.