'Dikke finger' nei plysje

30 jul 2011 - 15:52

In 19-jierrige jongeman út Rinsumageast is freedtenacht oppakt. Op 'e Foarwei yn Wâlterswâld prate de surveillearende plysje mei jeugd doe't de man foarby fytste. Hy stuts de middelfinger op nei de plysjes.

De plysje woe mei him prate, mar dat wergere er earst. Doe't er der dochs hinnegie, botste er mei de fyts tsjin de plysje-auto. Hy waard dûm doe't er in boete krige. De plysje moast piperspray brûke om him ûnder kontrôle te krijen. De fertochte sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)