Kaartferkeap Cambuur giet goed

30 jul 2011 - 15:41

De ferkeap fan seizoenskaarten by Cambuur giet goed. Op de iepen dei binne sneon al fjouwertûzen ferkocht. Ferline jier binne mei-inoar 4500 seizoenskaarten ferkocht.

De klup iepene sneontemiddei de doarren foar publyk. Fans koene hantekenings krije fan harren favorite spilers. Der wie in wedstriid kontenersjitten en der waarden shirtsjes en seizoenskaarten ferkocht. Op 'e iepen dei kaam benammen in soad jeugd ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)