Hoogerland rikt feilde fyts út

30 jul 2011 - 13:42

Op de Profronde fan Surhústerfean sil Johnny Hoogerland tiisdei syn feilde Tour de France-fyts útrikke oan 'e heechste bieder. It giet net om de fyts dêr't er mei by de Tour yn it stikeltried foel nei in oanriding mei in auto. It is de wite fyts mei reade stippen dêr't er op ried doe't er de 'bolletjestrui' oan hie.

De opbringst fan de feiling giet nei de Tour for Life. Dy organisearret foar Artsen Sûnder Grinzen in fytstocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)