Weening mist eigen Classic

30 jul 2011 - 12:47

Mear as twatûzen hurdfytsers ride sneon de Pieter Weening Classic yn Surhústerfean. Tour de France-dielnimmer Lieuwe Westra wie de blikfanger oan de start. Hy is fannacht pas weromkaam yn it heitelân. Pieter Weening kin sels net meifytse yn syn eigen Classic. Hy docht foar syn Rabobankploech mei oan de Clasica San Sebastian yn Spanje.

De toerfytsers by de Pieter Weening Classic kinne kieze út fjouwer ôfstannen: 25, 40, 60 en 100 km.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)