Frisia Sâlt en REC wer opstart

De grutte hal fan Frisia Sâlt (foto: Omrop Fryslân)
Sâltfabryk Frisia en de REC yn Harns binne sûnt freedtejûn wer yn bedriuw. It ferbaarnen fan ôffal yn 'e REC is tongersdei stillein fanwege in steuring by it fabryk. Der wiene problemen mei it suverjen fan it sâlt.
It sâltfabryk wurket mei stoom dy't frijkomt by de ôffalferbaarning. Omdat it fabryk stillei, wie der ek gjin stoom nedich. It hie dêrom gjin sin om troch te gean mei it ferbaarnen fan ôffal. Dat is tydlik opslein op it terrein.