Lotting skûtsjesilen

De lotting fan it 67-ste kampioenskip fan it SKS-skûtsjesilen foar de wedstriden fan De Feanhoop (moandei) en Earnewâld (tiisdei) wie freedtejûn yn Grou. Sneon is de earste wedstryd op 'e Pikmar by Grou.
Drachten lotte freedtejûn de earste posysje, fuort dernei folge troch Berend Mink mei it Drachtster skûtsje De Heale Moanne. Mink makket syn rentree nei't er yn 2005 ophâlde.