Cambuur wint krekt op Harkema

29 jul 2011 - 22:30
  • Foto's: Omrop Fryslân

Sportklup Cambuur hat de lêste oefenwedstriid fan de tarieding mei 2-1 wûn fan Harkemase Boys. Troch in flater yn de Cambuurferdediging (te koarte weromspylbal fan Mart Dijkstra op keeper Te Loeke) koe Oebele Schokker de Boys op in 1-0 foarsprong sette. Noch foar it skoft makke Sandor van der Heide de lykmakker.

Nei de pauze wie it spul fan beide kanten minder. Cambuur wie lykwols kondisjoneel sterker en fia Mark de Vries waard it úteinlik noch 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)