Westerener pakt foar bedriging

De plysje hat freedtemiddei yn De Gordyk twa Westereners fan 17 en 20 jier oanhâlden foar bedriging en besykjen ta swiere mishanneling fan in 19-jierrige man út Surhústerfean. De manlju stoppen yn Drachten mei de auto njonken de Feanster.
Troch it iepen rút hearde de Feanster dat de mannen him mei de dea bedrigen. Se smiten in stik glês nei him, dat de auto rekke. Dêrnei naaiden se út. De man út Surhústerfean ried achter de manlju oan en warskôge de plysje.