Fermiste siler terjochte

29 jul 2011 - 20:58

De 72-jierrige siler fan De Jouwer dy't sûnt tongersdei fermist waard, is terjochte. De plysje fûn de man freed mei syn sylboat op de Terkaplester Poelen.

De fermiste is in pear dagen mei fakânsje en wist net dat de ûngerêste havenmaster fan de haven oan It Noard yn Broek de plysje alarmearre hie. Fan de siler is beken dat er altyd op deselde dei weromkomt. De plysje hie in boargernetaksje opsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)