Ofskied útbater Ofslútdyk

29 jul 2011 - 19:01

Nei mear as 30 jier krijt de markante lunchroom by it monumint op de Ofslútdyk in nije eigner. De besteande eigner, Boudewijn Jongbloed, is hast 71 en wol mei pensjoen.

Hy woe al earder ophâlde, mar de opknapbeurt fan de Ofslútdyk dy't pland stiet, soarge foar in soad ûnsekerheid oer de hierkontrakten. Pas nei in soad geregel koe de saak oerdroegen wurde. Hichtepunt foar Jonbloed wie de besite fan de Keningin by it 50-jierrich bestean fan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)