Mishanneling yn Heech

29 jul 2011 - 10:39

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn in fakânsjewenning op de Parsehoeke yn Heech trije ynwenners fan Amersfoort fan 19 jier oanholden foar mishanneling.

Sy hiene by de feesttinte yn it doarp in 16-jierrige jonge út Heech yn elkoar slein. De trije fertochten koene oppakt wurde nei tsjûgeferklearrings. Se binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)