Hertôfdieling tydlik ticht

29 jul 2011 - 10:28

De hertôfdieling fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet foar fjouwer wiken ticht. Yn dy tiid wol it sikehûs de ôfdieling op oarder bringe.

Koartlyn kundige de Ynspeksje foar de Folkssûnens oan it sikehûs ekstra yn 'e gaten te hâlden, omdat der tekoartkommingen konstateard wiene. De Sionsberg nimt no fjouwer wiken de tiid om de hertôfdieling te ferbetterjen. Der sil dan ek sjoen wurde nei de kardiologen dy't der wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)