72-jierrige siler fermist

29 jul 2011 - 10:09

In 72-jierrige siler fan de Jouwer wurdt sûnt tongersdei fermist. De man gie mei syn sylboat fuort fanút de haven oan It Noard yn Broek. Omdat er jûns net werom kaam wie, warskôge de havenmaster de plysje. De siler hat de reputaasje dat er altyd op deselde dei werom komt.

It sinjalemint fan de boat waard trochjûn oan alle dielnimmers fan Burgernet op it wetter. Oant no ta hat dat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)