SKS mei app op iPhone

29 jul 2011 - 08:54

Eigners fan in iPhone kinne dit jier foar it earst it SKS Skûtsjesilen folgje fia in spesjale applikaasje, in app. Dêryn steane ûnder oaren de wedstrydaginda, útslaggen, it klassemint en achtergrûnynformaasje oer de skûtsjes. De SKS hopet op dy wize it skûtsjesilen ek foar in jonger publyk ynteressant te meitsjen.

Ferline jier eksperimentearde de SKS al mei in Track & Trace-systeem. Dêrby binne de fjirtjin skûtsjes oer de hiele wrâld te folgjen op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)