Steuring by UPC
Troch in technyske steuring ha klanten fan UPC tongersdeitejûn gjin radio- en televyzje-ûntfangst hân. De steuring begûn likernôch kertier foar njoggenen. It digitale sinjaal fan UPC yn hiel Fryslân lei derút troch in steuring yn it netwurk.
UPC hat fuortendaliks in monteur oan it wurk set. De steuring wie om healwei alven hinne wer oer, op wat lytse skokken yn it byld nei.