Problemen Frisia: REC stillein

28 jul 2011 - 20:44

De ôffaloven yn Harns is stillein yn ferbân mei problemen by it sâltfabryk Frisia. Yn de ôffaloven wurdt by it ferbaarnen fan ôffal stoom makke foar it sâltfabryk. Troch de problemen kin de levering fan stoom net trochgean. Neffens in wurdfierder fan Omrin is it dêrom better om de ôffaloven stil te lizzen, oars giet alle enerzjy ferlern.

It probleem by Frisia sit yn it suverjen fan it sâlt. Yn de rin fan freed moat de steuring oplost wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)