Kampus seefeartskoalle oernaam

28 jul 2011 - 20:18

Wenningkorporaasje De Veste op Skylge hat woansdei offisjeel de kampus fan de seefeartskoalle op it eilân oernaam fan de gemeente. De Veste hat net allinne de gebouwen, mar ek it behear dêrfan yn hannen krigen.

De studinten fan de seefeartskoalle wurde ynskeakele by it behear. De fiif meiwurkers fan de kampus dy't yn tsjinst fan de gemeente wiene, geane net mei oer, sy krije oar wurk. De Veste wol binnen twa jier in folslein nije kampus bouwe op it eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)