Soad paraffine al oprêden

28 jul 2011 - 18:06

In fyfde part fan de paraffine dy't oanspield is op de Waadkust is tongersdei oprêden. Rykswettersteat hat in bedriuw dêr opdracht foar jûn. De ferwachting is dat it oprûmjen fan it guod noch wol in wike duorje sil. Mei-inoar is der fiif kúb oanspield en dat moat mei de hân oprêden wurde.

De paraffine komt nei alle gedachten fan in boarplatfoarm. It is in restprodukt fan oalje. Rykswettersteat smyt de paraffine net wei. It sil wer brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)