Opknapbeurt strjitten Dokkum

Yn septimber wurdt yn Dokkum begûn mei it opknappen fan de Anjelierstrjitte, Op de Fetze, de Kerkstrjitte en in part fan de Gasthússtrjitte. Der komt nije bestrjitting, de rydbaan wurdt smeller makke en de stoepen wurde breder. De strjitten krije boppedat in mear autentike útstrieling trochdat der natuerstiennen stoepkes by de foardoarren komme.
It projekt kostet in heal miljoen euro. De gemeente betellet sels goed trije ton. It ryk de rest.