Konsert 10CC-sjonger op Flylân

Sjonger Mick Wilson fan de Britse band 10CC jout nije wike tongersdei in konsert op it strân fan Flylân. It optreden is ûnderdiel fan it Beachfestival Vlieland Groet. Dat is in trijedaachsk strânfestival mei tal fan artysten.
It is foar it earst dat de organisaasje in ynternasjonale topper binnen wit te heljen. Mick Wilson jout op de iepeningsjûn in akoestysk optreden.