Jonge stelt kentekenplaten

De plysje yn Drachten hat woansdetejûn let in jonge fan 15 jier út dat plak oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it stellen fan kentekenplaten fan auto's. In 42-jierrige man hie de jonge fytsen sjoen mei in kentekenplaat yn 'e hân. Dy blykte fan de man sels te wêzen.
De man sette de achterfolging yn en hâlde de jonge oan. De plysje fûn by de jonge thús noch trije platen. De eigners wurde op 'e hichte brocht.