Taksy út Vlaardingen
In man fan 30 jier út Strobos is oanhâlden. Hy woe in taksy dy't er út Vlaardingen wei besteld hie, net betelje. De taksysjauffeur woe wol wat regelje, mar dêr woe de Strobosser neat fan witte.
De plysje waard derby roppen en de man misledige de plysje. Hy wie sichtber dronken. De taksysjauffeur hat oanjefte dien.