Geslacht pandatwilling bekend

28 jul 2011 - 11:50
  • Foto's: Omrop Fryslân

De reade-pandatwilling dy't begjin july berne is yn Aquazoo yn Ljouwert is in mantsje en in wyfke. Dat is tongersdeitemoarn bekend wurden by in sûnenskontrôle. De bistjes groeie goed. Se wage elk 300 gram. Nei alle gedachten kin it publyk de twilling oer trije moanne besjen. De bisten moatte earst grutter en sterker wurde.

De reade panda is in bedrige diersoart dy't út it Himalayageberchte komt. Se komme net in hiel soad foar yn bistetunen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)