El Makrini op proef by Cambuur

Mohamed El Makrini rint de kommende dagen op proef mei by SC Cambuur. De Ljouwerters sjogge yn him in mooglike kontroleur op it middenfjild. El Makrini is transferfrij en spile de ôfrûne seis jier by FC Den Bosch. Yn earste ynstânsje wie er bûtenspiler, mar de lêste moannen ek middenfjilder. Den Bosch woe ek graach mei him fierder, mar koe him net betelje.
El Makrini sil freed by Cambuur meidwaan yn de wedstriid tsjin Harkemase Boys.