Nije bedriuwen foar Drachten

It gemeentehús fan Smellingerlân
De dip yn de ferkeap fan bedriuwsgrûn yn Smellingerlân liket foarby. Yn 2010 waard al 10 bunder bedriuwsterrein ferkocht en dit jier wurdt rekkene op likefolle. Dat is noch altyd minder as yn de toptiid om 2000 hinne, mar wol folle mear as yn de krisisjierren 2007 en 2008. Yn Drachten is koartlyn it nije terrein oan de Noarderhegewei yn de ferkeap gien.
De gemeente ferklearret de ferkeap troch de yntinsive akwisysje. Alle moannen wurde 150 bedriuwen benadere.