Frysk goud yn de oanbieding

Ald goud is in soad wurdich
Troch de hege goudprizen krije juweliers yn Fryslân folle mear goud oanbean as in pear jier werom. Minsken komme net allinnich mei sieraden de winkel út, se rinne der ek mei de winkel yn. In soad minsken brûke it jild dat se krije om nije sieraden te keapjen. Dat is de ûnderfining fan juwelier Kooi yn Burgum.
Der wurdt yn Burgum hast alle wiken foar 800 euro oan âld goud ynlevere. In pear jier lyn wie dat net mear as in pear tsientsjes.