Foararrest mem net ferlingd

27 jul 2011 - 16:48

It foararrest fan de mem fan it 3-jierrich jonkje út Boalsert, dat heal july swier mishannele waard, is woansdei net ferlingd. De 22-jierrige freon fan de frou moat noch wol tritich dagen sitte. It feit dat de 23-jierrige mem út de finzenis wei mei, betsjut net dat se gjin fertochte mear is, sa lit justysje witte.

It slachtofferke leit noch hieltyd yn it UMCG yn Grins. Syn tastân wurdt 'soarchwekkend, mar stabyl' neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)