Fertochte oerfal frijlitten

27 jul 2011 - 16:15

De man dy't in oere nei de oerfal op it kasino op 'e Lemmer oanhâlden waard, is wer frijlitten. Hy hat neat mei de oerfal te krijen. In oare man giet ek frij-út. Hy waard oppakt yn de wente fan de earste fertochte. De plysje stiet no mei lege hannen. It kasino waard woansdei om kertier foar tolven oerfallen. In blanke man rjochte in pistoal op de meiwurkster en naam jild mei. De man is weiwurden op in brommer. Hy hie in swarte helm op en in sinnebril.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)