Fertochte oerfal kasino pakt

27 jul 2011 - 13:01
  • Foto: Wendy Kennedy, Omrop Fryslân

De plysje hat woansdeimiddei in man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan de oerfal op in kasino op De Lemmer, in oere earder. De oerfaller bedrige de balymeiwurkster fan it kasino oan de Fjoertoerwei mei in pistoal en easke jild. Dêrnei naaide er út op in skooter.

De plysje kaam fuortendaliks yn aksje. Sadwaande is der al rillegau in fertochte oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)