Oerfal op kasino De Lemmer

27 jul 2011 - 12:15

De plysje siket op it stuit op De Lemmer nei in man dy't flak foar tolven it kasino oan de Fjoertoerwei oerfallen hat. De man rjochte in pistoal op de frou achter de baly en easke jild. Dat hat se jûn.

It giet om in blanke man mei in donkerblauwe wurkjas oan. De man hie in kanvas boadskiptas by him mei swart-blauwe blokken. Hy naaide út op in skooter. De plysje freget minsken nei him út te sjen. Tsjûgen moatte sels neat dwaan, mar 112 belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)