Wer oanhâldings yn Haulerwyk

27 jul 2011 - 10:48

De plysje hat tiisdei noch twa Haulerwyksters oanhâlden. De manlju fan 20 en 26 jier hiene earder dy deis in famyljelid bedrige. Se hâlden har beskûl yn 'e buert fan it tsjerkhôf. Ien is daliks ynrekkene, de oare woe net út in sleat weikomme. Hy koe pas pakt wurde mei help fan pepperspray.

By it tsjerkhôf lei in izeren staaf dy't mooglik brûkt is by de bedriging. Tiisdei binne ek al twa manlju oppakt. Yn Haulerwyk soe in húshâlding it doarp terrorisearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)