Dronken: botsing Swarteweisein

Foto: Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding fan tiisdei by Swarteweisein. In 44-jierrige automobilist út Ljouwert botste op de krusing by restaurant E10 op de auto fan in 40-jierrige frou út Ryptsjerk. De frou kaam fêst te sitten yn 'e auto. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
De Ljouwerter is oanhâlden om't er mei drank op ried. Syn rydbewiis is ynnaam. It oare ferkear hie in soad lêst fan de oanriding.