Boartersplak nominearre

27 jul 2011 - 07:02

It noch oan te lizzen Natuerlike Boartersplak yn de Ljouwerter wyk De Wielenpôlle is no al nominearre foar in lanlike priis. Mei njoggen oare projekten is it Ljouwerter boartersplak yn de race foar it bêste Nederlânske ûntwerp foar in duorsum, natuerlik grien boartersplak.

De priisfraach is in inisjatyf fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De gemeente Ljouwert is opdrachtjouwer fan it boartersplak. Op 12 oktober wurdt bekend wa't de winner is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)