Tefreden sporters yn Ga.Sl.

Sporters binne ridlik tefreden
De brûkers fan sporthallen en gymsealen yn Gaasterlân-Sleat binne oer it generaal tefreden oer de akkommodaasjes. Dat docht bliken út in gemeentelik ûndersyk. Dik 83 persint is tefreden oer de binnensportakkommodaasjes.
Gaasterlân-Sleat hat ien sporthal en fiif gymsealen. Trije sealen wurde mar in bytsje brûkt. It giet om dy yn Aldemardum, Aldegea en dy fan Sleat.