Opropkrêften better betelje
Wurknimmers mei in kontrakt foar minder as 15 oeren moatte per oprop foar minimaal trije oeren útbetelle wurde. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald.
In belangrike útspraak, sa seit FNV Bondgenoten, want de útspraak jildt foar in protte sektoaren dêr't mei lytse kontrakten wurke wurdt, sa as de taksybrânzje en de hoareka.