Wetter tanke yn de slûs

Binnenfeartskippen kinne tenei wer wetter tanke yn de Prinses Margrietslûs by De Lemmer. Earder koe dat ek al, mar doe't op oare plakken berjochten oer besmetting mei legionella nei bûten kamen, besleat de provinsje op te hâlden mei it wetter tanken.
Op fersyk fan de skippers wurdt der no dochs wer mei begûn. Skippers moatte dêrfoar wol har eigen slang brûke. It tanken kin dien wurde wylst de skippen yn de slûs lizze te wachtsjen.