Gefaar foar botsing mei reeën
Steatsboskbeheer warskôget wer foar oerstekkende reeën. Fanwege de peartiid fleane de bokken achter de wyfkes oan. De reeën komme yn de hiele provinsje foar, net allinnich yn gebieten mei bosken. Automobilisten wurde advisearre op plakken mei reeën wat stadiger te riden.
De skea troch in oanriding mei in ree is gau in pear tûzen euro.