Mei trije bonnen de bak yn

In 37-jierrige man is moandeitemiddei by De Gordyk oanhâlden foar beljen ûnder it riden. De plysje konstatearre doe dat de auto net APK-keurd en net fersekere wie. Boppedat wie it rydbewiis fan de man ûnjildich ferklearre en moast er noch 28 dagen finzenisstraf útsitte.
De man is ynsletten op it buro en tiisdei oerbrocht nei in finzenis om syn straf út te sitten. Foar it beljen, de APK en de fersekering krige hy bekeurings.