Karre mei rolsteiger stellen
Yn Noardburgum is yn de nacht fan snein op moandei in karre mei dêrop in rolsteiger stellen. De karre siet achter in auto en stie neist in hûs oan de Reiddekkersstrjitte. De karre siet fêst oan de auto en de steiger siet mei in slot fêst oan de karre.
De oanhinger is fan it merk Anssems en de rolsteiger is fan Altrex. De eigner hat oanjefte dien by de plysje.