Fjochterij op Skylger camping

26 jul 2011 - 11:03

Yn Formearum op Skylge is moandeitemoarn in jonge fan 17 út Leusden oanhâlden fanwege bedriging.

De jonge hie meidien oan in grutte fjochtpartij op in camping yn it doarp en hie in tal omstanners mei in mes bedrige. Dy koene it mes fan him ôfpakke en warskôgen doe de befeiliging. De jonge wist earst te ûntkommen oan de befeiligers, mar dy fûnen him de oare moarns. Se ha him meijûn oan de plysje en dy hat him fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)