Frou yn coffeeshop mishannele

26 jul 2011 - 11:00

De plysje fan Ljouwert hat moandeitemiddei trije manlju út Tytsjerk, Ljouwert en Grins oanhâlden omdat se in frou mishannele hiene. De trije woene in coffeeshop oan it Ruterskertier yn. Omdat se har legitimaasje net sjen litte woene, wegere in meiwurkster har de tagong.

Ien fan de trije spuide nei de frou. Doe't se út de saak set waarden, sloegen se de frou en bedrigen se har mei in mes. De plysje hat de trije fertochten oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)