Aksje foar wc's yn tsjerken

26 jul 2011 - 07:26

De Stichting Alde Fryske Tsjerken siket jild om 15 tsjerken oan in wc en in keuken te helpen. Foar in restauraasje binne der wol subsydzjes, mar dêr mei gjin wc of in keuken fan betelle wurde.

In keuken en wc binne fan grut belang om in nije funksje foar in tsjerke te finen. Bygelyks om foarstellings te hâlden of om as wurkromte foar in keunstner te brûken. De stichting oerwaget in aksje te hâlden om it probleem ûnder de oandacht te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)