Kearmuorre krijt leuningen

25 jul 2011 - 11:05
  • De stekken wurde ferfongen troch leuningen (foto: Geale Groen/Omrop Fryslân)

De kearmuorre fan Harns krijt lang om let fêste leuningen. Earder slagge dat net omdat it bedriuw dat de leuningen leverje soe fallyt gong. It wetterskip, dat ferantwurdlik is foar de kearmuorre, pleatste dêrop tydlike stekken op 'e muorre, om dy toch tagonklik te hâlden foar besikers.

It pleatsen fan de leuningen begjint nije wike moandei. It wurk oan de oergongen oer it spoar fynt letter yn it jier plak. It hiele projekt is op 11 novimber klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)