Sint Nykster tsjin holle slein

In jonge fan 18 út Sint Nyk is snein mishannele troch in noch ûnbekende autobestjoerder. De jonge woe de man op de Geastdyk yn Tsjerkgaast ynhelje, mar dat slagge net omdat dy hurder begûn te riden. Doe kaam de jonge tsjin de achterkant fan de auto oan.
De ûnbekende autobestjoerder stapte út, luts de autodoar fan it slachtoffer iepen en sloech de jonge in pear kear tsjin de holle. Dêrnei ried er fuort. It slachtoffer hat oanjefte dien fan mishanneling.