Mishanneling yn Ljouwert
De plysje siket de dieders fan in mishanneling yn Ljouwert. Dêr seach in tsjûge sneintejûn dat in 56-jierrige Ljouwerter skopt en slein waard. De tsjûge skeakele dêrop de plysje yn.
De plysje koe de dieders net mear oanhâlde omdat dy al utnaaid wiene. It slachtoffer is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.