Van der Bos wint yn Huzum

24 jul 2011 - 16:23
  • De winners yn Huzum (foto: Henk Bootsma)
  • Foto: Klaas Hijlkema

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe snein harren sânde keatstitel fan dit seizoen behelle. Yn Huzum wûnen se de finale fan de frijeformaasjepartij mei 5-2 en 6-0 fan 'de ferrassing fan de dei' Pieter Scharringa, Gerrit Meijer en Dennis Wijnjeterp.

De lytse preemje gie nei it partoer fan Hendrik Tolsma, Michel van der Veen en Peter de Boer. Troch de prima op- en útslach fan it winnende partoer wie de oerwinning terjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)