Agressive Frjentsjerter oppakt

De plysje hat sneontenacht in man fan 18 jier út Frjentsjer oppakt yn syn wenplak. Hy hie in bierglês op strjitte stikken smiten. De plysje spruts him dêrop oan. Hy waard lilk doe't er hearde dat er in proses-ferbaal krije soe en woe ien fan de plysjes slaan.
Nei in koarte wrakseling is de man oanhâlden. Op it plysjeburo waard it proses-ferbaal tsjin him opmakke.