WK langbaan giet wer net troch

24 jul 2011 - 12:54

De WK-langbaanwedstriid yn Grins is snein ek net trochgien. Fanwege it reinwetter wie de baan der te min oan ta. De wedstriid soe riden wurde yn it stedspark yn Grins.

Sneontejûn koe de wedstriid ek al net ôfmakke wurde. Reinwetter, glêde stikken op de baan en opûnthâld troch falpartijen soargen foar it útstel. Theo Pijper, Dirk Fabriek, Jannick de Jong en ynfaller Jeffrey Woortman hiene mei wikseljend súkses yn aksje west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)