Aksje tsjin ynpikken grûn

24 jul 2011 - 11:25

Hearrenfean ûndernimt aksje tsjin ynwenners dy't sûnder tastimming gebrûk meitsje fan gemeentegrûn. Neffens Hearrenfean wurdt dat op in soad plakken dien, bygelyks troch minsken dy't in stikje gemeenteplantsoen by de tún lûke.

Ynwenners dy't trapearre wurde, kinne in brief fan de gemeente ferwachtsje dêr't se yn opdroegen wurde de grûn te ûntromjen. Der wurdt noch wol sjoen oft de grûn oan de bewenners ferkocht wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)